Swierferwûne nei botsing beam

In man fan 24 jier út Damwâld is sneontenacht swier ferwûne rekke by in ûngelok by Tytsjerk. Hy rekke op de Lytsegeast troch noch ûnbekende oarsaak de macht oer it stjoer fan syn auto kwyt en botste tsjin in beam.
It slachtoffer is mei ferwûnings oan de holle en oan de skonk nei it Universitêr Medysk Sintrum yn Grins oerbrocht. Dêr is in bloedproef dien, omdat de plysje it fermoeden hat dat it er mei tefolle drank op achter it stjoer siet.