Ynbraak kantoaren lânboumuseum

11 sep 2011 - 11:33

Ynbrekkers hawwe yn de nacht fan freed op sneon in soad skea oanrjochte yn kantoaren by it Frysk Lânboumuseum yn Earnewâld. De romten binne folslein oer de kop helle. Der binne ek gatten yn de muorre skopt. It museum sels hawwe de ynbrekkers net yn west.

Foar safier no't bekend is, is allinne de deiopbringst fan it restaurant meinaam. De eigner fan it restaurant moat noch oanjefte dwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)