Soad folk iepen dei sikehûs

11 sep 2011 - 08:13

De iepen dei sneon yn sikehûs De Tjongerschans op It Hearrenfean hat mear as 4000 minsken lutsen. De iepen dei stie yn it ramt fan it 100-jierrich bestean fan it sikehûs. De besikers hiene in soad belangstelling foar de gipskeamer. Bern koene dêr in part fan de earm yn it gips sette litte. De operaasjekeamer wie ek wakker populêr.

Trijehûndert meiwurkers en frijwilligers fan it sikehûs wiene belutsen by de organisaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)