Doarpsfeest Westereen stillein

10 sep 2011 - 19:11

It doarpsfeest fan De Westereen is sneontemiddei stillein fanwege in stjergefal nei de seiskamp. In dielnimmer wie net goed wurden en kaam te ferstjerren. Ut meilibjen en respekt hat Feriening Doarpsfeest De Westereen besletten de priisútrikking en de feestjûn te skrassen.

De feriening hat de ynwenners fan De Westereen frege om de feestferljochting út te dwaan. De gospelmiddei giet snein wol troch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)