SCO en LDODK winne

10 sep 2011 - 18:18

De Fryske kuorbalhaadklassers SCO en LDODK ha sneon beide harren earste fjildwedstriid wûn. LDODK wûn út mei 21-11 fan Kinderdijk en SCO wûn thús mei 16-15 fan Amicitia. SCO stie by rêst mei 12-7 foar, mar liet it yn de twadde helte noch spannend wurde.

LDODK fan trainer Gerald Aukes stie by rêst mei 10-7 foar en boude de foarsprong maklik út yn de twadde helte. De oare Fryske kuorbalklup Mid-Fryslân spilet snein yn de eareklasse tsjin Blauw Wyt yn Amsterdam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)