Väyrynen dochs nei Salzburg

10 sep 2011 - 17:29
  • Mika Väyrynen (foto: Dirk Jan Haagsma, Omrop Fryslân)

Ald-Hearrenfeanfuotballer Mika Väyrynen hat in nije wurkjouwer. De Finske ynternasjonal ferhuzet nei Red Bull Salzburg. Earder dizze wike wie dat noch ûnwis. De middenfjilder komt transferfrij oer fan SC Hearrenfean, dy't Väyrynen gjin nij kontrakt oanbea.

De Eastenrikers nimme Väyrynen oer, omdat it harren earder net slagge om PSV'er Otman Bakkal oan te lûken. Bakkal gie begjin septimber nei Feyenoord

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)