Keninklike parade yn Ljouwert

Yn de binnenstêd fan Ljouwert wie sneon in parade mei histoaryske kostúms te sjen. Goed tachtich dielnimmers rûnen mei yn de keninklike kostúmparade. Dy is ûnderdiel fan it Hofstadfestival dat ek snein noch is yn Ljouwert. Der binne tal fan aktiviteiten.
De parade toant neimakke klean dy't keningen en keninginnen yn it ferline oan hiene. Sa wie der klean fan Marijke Meu en Us Heit, oftewol Willem Loadewyk, Graaf fan Nassau.