Hoarekadief oppakt

10 sep 2011 - 14:32

De plysje siket bedriuwen dy't slachtoffer wurden binne fan in 25-jierrige man sûnder fêst wenplak. De man is freed op It Hearrenfean oanhâlden. In meiwurker fan in hoarekabedriuw koe him werom. Hy hie earder út dat bedriuw in beurs stellen.

De plysje tinkt dat de man guod stellen hat út hoarekabedriuwen. As der mear dupearren binne, moatte se harren melde. Dat makket de plysje bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)