Drachten bêste ferpleechkunde

10 sep 2011 - 13:31

Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten jout de bêste ferpleechkundige soarch fan alle sikehuzen yn Nederlân. Dat docht bliken út it jierliks sikehûsûndersyk fan it Algemeen Dagblad. De Sionsberg yn Dokkum stiet yn dy kategory op it fjirde plak.

It AD hat de prestaasjes fan de sikehuzen op allerhande mêd njonken elkoar lein. Alle prestaasjes by elkoar opteld stiet it Antoniussikehûs yn Snits it heechst fan de Fryske sikehuzen, mei in 22e plak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)