Aksje tsjin promoasjebelesting

10 sep 2011 - 12:53

Winkelju yn Frjentsjer komme yn aksje tsjin de ferplichte promoasjebelesting fan de gemeente. Undernimmers moatte sûnt dizze simmer in fêst bedrach betelje foar de promoasje fan de stêd. Bedriuwen yn it hert fan it sintrum betelje 750 euro en oaren eefkes fierderop 400.

Kapper Klaas Rodenburg fynt dat net earlik. Hy is in hantekeningaksje begûn. Oant no ta hat er fyftich hantekens ophelle fan lilke winkellju.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)