Scooterrider swier ferwûne

10 sep 2011 - 09:13
  • Foto: Henk Stoelwinder

In scooterrider (18) út Boelensloane is freedtejûn swier ferwûne rekke by in ûngelok op de Sweachsterwei yn Lippenhuzen. Hy waard oanriden troch in auto dy't in oare auto ynhelle.

Troch de frontale botsing is de scooterrider oer de auto hinne flein. De scooter kaam tsientallen meters fierderop yn de berm telâne. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht. De ynsittenden fan de auto kamen mei de skrik frij. De auto waard bestjoerd troch in 19-jierrige Drachtster.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)