'Sneker muurke' is fuorthelle

It ûnderste part fan de muorre is keal en fol gatten
It 'Sneker muurke', ek wol de 'Wall of fame' fan Snits neamd, is der net mear. De gemeente SWF hat it guod fan de muorre yn it stedhûs ôfhelle en werom jûn oan de eigners. It giet om foarwerpen mei in Snitser histoarysk ferhaal lykas nambuordsjes, jitizeren letters en in stoel. De muorre is yn 2008 yn gebrûk naam.
It bestjoer fan de nije gemeente SWF hat oare plannen mei de ûntfangstromte yn it stedhûs, it Waltaplein. Dêrom moast it guod der wei.