Famke ferwûne by ûngelok
In njoggen-jierrich famke út Jirnsum is freedtemiddei op de Terp ferwûne rekke by in oanriding. It famke stuts sûnder goed út te sjen de dyk oer. Se waard rekke troch de auto dy't bestjoerd waard troch in 41-jierrige ynwenner fan Jirnsum.
It famke rekke ferwûne oan har skonk. Se is mei de ambulânse nei it sikehûs op It Hearrenfean brocht.