Omrintruck mei jiske omkypt

09 sep 2011 - 16:36

In frachtwein mei jiske út offâlferbaarningsoven yn Harns is freedtemiddei omkypt. De truck wie ûnderweis fan de REC nei even fierder op yn Harns, om de jiske op in skip te laden. De sjauffeur rekke op 'e Lange Lijnbaan mei in rjochtertsjil yn 'e berm. Doe't er bystjoere woe, gie de frachtauto om. De jiske kaam op 'e dyk telâne. De wein lekte ek diseloalje.

De brânwacht hat it guod opromme. Der hat gjin gefaar west foar de folkssûnens, sa lit Omrin witte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)