Drankpromillaazje net ferlege

It ûngelok barde yn de Esdoornstrjitte yn Ljouwert (foto: Anton Kappers)
De bruorren Reidsma út Ljouwert fine it spitich dat it maksimaal tastiene alkoholpromillaazje foar bestjoerders net nei ûnder ta giet. Dat wol minister Opstelten fan Feiligens net.
De bruorren fiere aksje foar ferleging fan 0,5 nei 0,2. Yn maart rekke harren broer Eeuwke dea doe't er oanriden waard troch in dronken bestjoerder. De Fryske Keamerleden Sander de Rouwe (CDA) en Lutz Jacobi (PvdA) stean achter de aksje fan de Reidsma's.