Väyrynen nei Salzburg

Mika Väyrynen (foto: Dirk Jan Haarsma, Omrop Fryslân)
De kâns is grut dat Mika Väyrynen in kontrakt tekenet by Red Bull Salzburg. Väyrynen is op dit stuit yn Eastenryk foar ûnderhannelings. In klup út Ingelân hat ek ynteresse foar de Finske middenfjilder.
Väyrynen hat seis seizoenen foar SC Hearrenfean fuotballe, mar krige gjin nij kontrakt oanbean. Ferline jier begûn er tritich kear as basisspiler en skoarde er acht kear. Ofrûne tiisdei spile er mei Finlân syn 48e ynterlân tsjin Nederlân.