Plysje pakt 3 Litouwers op

De plysje hat tongersdeitenacht trije Litouwers oanhâlden, dy't fertocht wurde fan ynbraak yn in sloopbedriuw yn Broeksterwâld. In tsjûge hearde om fjouwer oere hinne frijwat leven en belle 1-1-2. Doe't de plysje kaam, koe dy de fertochten fuortendaliks oanhâlde.
Sy hiene in rút fernield om der yn te kommen. Se wiene fan doel om katalysatoren en kompjûters mei te nimmen. De manlju binne nei it plysjeburo brocht.