Ungelok troch drankrydster

In 38-jierrige frou út Snits hat yn har wenplak in ûngelok feroarsake, omdat se mei tefolle drank op achter it stjoer siet. Yn in bocht op de Sytsingawiersterleane ried de frou rjochttroch en botste op de auto fan 24-jierrige frou út Nijlân. De frou út Snits rekke dêrby sels licht ferwûne.
Op it plysjeburo die bliken dat se tefolle dronken hie. Har rydbewiis is yn beslach nommen.