Stille tocht foar Haanstra

08 sep 2011 - 20:21
  • Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

In goeie twahûndert minsken hawwe tongersdeitejûn meirûn yn in stille tocht foar de moandei ferstoarne Hannie Haanstra. De 48-jierrige Drachtster ferstoar oan de ferwûnings dy't er oprûn by in massale fjochtpartij sneon yn de Robijnekamp.

Mei de stille tocht woene bewenners fan de strjitte en bekenden fan it slachtoffer protestearje tsjin de geweldsdied. De tocht begûn om sân oere en waard ôfsluten mei in minút stilte by it hús fan it slachtoffer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)