Lollum wol noch grutter

It doarp Lollum wol graach útwreidzje. Der soene kavels komme moatte foar de bou fan nije wenten. Dat sei Jehannes Herder fan doarpsbelang Lollum tongersddei by de iepening fan it fernijde sportkompleks.
Yn in pear moanne tiid is it keatsfjild fergrutte en binne der in nij materialegebou en boartersplak kommen. Om it kompleks leit in nij kuierpaad. It plan hat lang ûnderweis west, mar Lollum hopet dat it nije plan der ek komme sil.