Stellerijen boaten oplost

08 sep 2011 - 16:43
  • Argyffoto Omrop Fryslân

Mei de oanhâlding fan in 28-jierrige man út Emmeloard hat de plysje in grut tal stellerijen fan boaten en bûtenboardmotoaren oplost. Dy waarden stellen yn de omkriten fan Snits en De Lemmer. Begjin augustus trof de wetterplysje de fertochte oan yn in stellen sloep. Ut ûndersyk waard dúdlik dat de man ek belutsen wie by de dieverij fan nochris trije sloepen, in fiskersboat en acht bûtenboardmotoaren. De boaten kostje tusken de 10.000 en 20.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)