Wiet: combine kin lân net op

08 sep 2011 - 16:31
  • Foto: Omrop Fryslân

De kâns is grut dat it lêste weet net terske wurde kin, as it net gau droech wurdt. Mei combines kin dat yn alle gefallen net. It ôfrûne wykein is manmachtich wurke om safolle mooglik jirpels en weet fan it lân te heljen. De lêste dagen is it wer sa wiet dat de boeren neat begjinne kinne.

Trije wike ferlyn wie der noch mar 10 persint terske, no is goed 90 persint fan it lân. It weet is wol tige wiet. It moat sa gau mooglik droege wurde, oars rint de kwaliteit tebek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)