Mishanneling PVV'er mystearje

08 sep 2011 - 14:43
  • Jelle Hiemstra is steatelid foar de PVV

Der is noch altyd in soad ûndúdlik yn de mishannelingssaak fan PVV'er Jelle Hiemstra yn Snits. Hy en syn frou waarden moandeitejûn troch twa manlju mei maskers op thús mishannele.

Hiemstra is fraksjefoarsiter fan de PVV yn de Fryske steaten. Neffens him hawwe de dieders in polityk motyf. Justysje slút dat net út, mar hâldt oare mooglikheden ek iepen. Sa soe it neffens in wurdfierder ek gean kinne om problemen yn de priveesfear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)