Groepsferbod It Fean bliuwt

08 sep 2011 - 11:05

It groepsferbod yn in part fan it sintrum fan It Hearrenfean bliuwt foarearst fan krêft. Dat hat boargemaster Van der Zwan besletten, nei oerlis mei de plysje en it Iepenbier Ministearje. De boargemaster hat it beslút naam omdat der de lêste moannen in soad klachten komme oer slimme oerlêst troch groepen jongeren.

De gemeente en de plysje dogge der in soad oan om it probleem oan te pakken. Mar it ferbod om yn groepen gear te kloftsjen bliuwt wol needsaaklik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)