Dronken: tsjinlizzer skampt

08 sep 2011 - 10:22

In dronken automobilist út Appelskea (52) hat woansdei in oanriding feroarsake by De Fochtel. Hy skampte in tsjinlizzer en ried dêrnei fierder. De bestjoerster fan de oanriden auto swaaide de wein en gie achter de man oan.

De plysje hat de man yn Easterwâlde oanhâlden. Hy hie safolle drank op dat er oer de foet stapte. It rydbewiis fan de man is yn beslach naam. Hy krige ek in riidferbod fan fjirtjin oeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)