Harmonie skrast foarstellings

07 sep 2011 - 23:16

De Harmonie yn Ljouwert sil yn it teaterseizoen 2012/2013 fyftich foarstellings skrasse. Wol bliuwt de stedsskouboarch alle dagen iepen. De Harmonie moat besunigje om de begrutting fan 2012 slutend te krijen.

De lêste jierren hiene se kear op kear in tekoart en sprong Ljouwert by. Mar de gemeente hat dêr gjin nocht mear oan. Nei alle gedachten moatte der ek minsken út. Hoefolle oft dat binne is noch net bekend. De Harmonie giet derfan út dat de ferskraling tydlik is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)