Oplichter op terras pakt

07 sep 2011 - 18:09
  • Roelevink kaam nei Harns fanwege de Fiskerijdagen

De Fryske oplichter Nol Roelevink is ôfrûne sneon oppakt yn Harns. De Frjentsjerter is ferantwurdlik foar in grutte finansjele skea by sawol partikulieren as ynstânsjes lykas de Belestingtsjinst. It giet om miljoenen euro's. Yn 2003 gie Roelevink fallyt en flechte er mei 300.000 euro nei Súd-Afrika.

Sneon waard de oplichter lykwols sjoen op in terraske yn Harns. Kurator Tjitze Pasma krige dêr tips oer, wêrnei't de plysje de man oanhâlde koe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)