Twizelerheide hannelet flink
Ynwenners fan Twizelerheide keapje en ferkeapje fan alle plakken yn Fryslân it measte guod op de webside fan Marktplaats. Hast fjirtich prosint fan alle bewenners hat dit jier op de populêre webside al saken kocht of te keap oanbean.
It giet benammen om skuon, autoblêden en ûnderdielen fan Volkswagen-auto's.