Sintrum oer grien gas

It Kenniscentrum Groengas Nederland komt dit jier by proefbuorkerij Nij Bosma Zathe yn Ljouwert. Minister Verhagen hat der tiisdei fjouwer euroton foar frijmakke.
It lanlike sintrum sil alle kennis oer grien gas bondelje en beskikber stelle oan partikulieren. Foar Nij Bosma Zathe is keazen fanwege de 450 oant 500 kij dy't in soad stront produsearje dêr't biogas fan makke wurdt.