DOK18 liket stipe te krijen

Dongeradiel is fan doel wer kulturele foarstellings yn teater DOK18 te subsidiearjen. De gemeente ûnderhannelet mei de útbater fan DOK18 oer de takomst fan it teater.
Doel is dat der noch dizze moanne in beslút falt oer subsydzje foar foarstellings yn it nije seizoen. At de gemeente en de eksploitant ta in akkoart komme, is mooglik ek in rjochtsaak tusken beide partijen fan tafel.