Dekôr SULT fernield troch wyn

07 sep 2011 - 11:09

Teatergroep SULT hat flink lêst fan de stoarm hân. De teatergroep hie op it strân by Starum in kastiel neiboud foar de foarstelling oer kening Redbad. It sân ûnder it dekôrstik fan it lokaasjeteaterstik is fuortspield en dêrtroch is it kastiel ynstoart.

It is de fraach oft alles wer opboud wurde kin foar de premjêre fan nije wike tongersdei. As de wyn lizzen giet, kin mei de opbou begûn wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)