Frou trappearret dieven
In frou (77) út Dokkum hat tiisdeitenacht twa ynbrekkers betrape yn har hûs. Se waard wekker fan leven en gie nei ûnderen. Dêr trof se de twa manlju. Doe't dy har seagen, naaiden se út.
De frou belle fuortendaliks de plysje. Dy sette in burgernetaksje op. En der waard socht mei in hûn. Dat smiet allegear neat op. De frou mist jild en in pinpas.