Kollum wol wettersporters lûke

07 sep 2011 - 09:45

Kollum wol in echt wettersportdoarp wurde. Dêr moatte de brêgen wol foar ferhege wurde. Ek moatte der fasiliteiten komme foar toeristen lykas, eveneminten en bedriuwen dy't boatsjes en fytsen ferhiere. De ferbettering fan de farwei tusken de jachthaven en it sintrum fan it doarp stiet op it program.

De ambysje stiet yn in dokumint oer wettersport Kollum. De plannen kinne inkeld útfierd wurde as der ek jild komt fan de provinsje en fûnsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)