Saak Smedema set útein

De rjochtsaak yn ferbân mei de dea fan Redmar Smedema set woansdei om 9.00 oere útein. De 16-jierrige Redmar Smedema ferstoar yn april ferline jier nei in fjochtpartij yn diskoteek Club Q yn Quatrebras.
Der binne fjouwer dagen en in reservedei foar de behanneling fan de saak útlutsen. Seis jongeren tusken de 18 en 20 jier moatte foar de rjochter ferskine. De rjochtbank bûcht him oer de fraach wa't ferantwurdlik is foar de dea fan Smedema.