Stenden: helderder nei krityk

06 sep 2011 - 20:50

Neffens it eigen ûndersyk fan hegeskoalle Stenden nei de bûtenlânske festigingen is de skoalle op it goeie paad. Trije 'wizen' út de ûnderwiiswrâld ha de finansiering en kwaliteit fan de opliedings yn Bali, Bangkok, Katar en it Súd-Afrikaanske Port Alfred tsjin it ljocht hâlden.

Dat gebeurde nei krityk fan de ûnderwiisynspeksje. De kwaliteit fan de opliedings soe net foldwaande wêze en ek soe de finansiering net helder genôch wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)