Wilders: it is ferskriklik

PVV-lieder Geert Wilders seit yn in reaksje dat er it ferskriklik fynt wat steatelid Jelle Hiemstra en syn famylje oerkaam is. Tiisdeitejûn krigen de Snitser PVV'er en syn frou yn eigen hûs klappen fan twa maskere manlju yn donkere klean. De plysje ûndersiket oft der in ferbân is mei Hiemstra syn wurk foar de PVV.
Wilders seit yn syn reaksje dat er der fan út giet dat plysje en justysje de saak goed útsykje sille en dat Hiemstra goed befeilige wurde sil.