AFA feroardielet oerfal

Anti Fascistische Actie Fryslân (AFA) seit it geweld tsjin PVV-er Jelle Hiemstra te feroardielen. Yn in reaksje lit de aksjegroep witte noait geweld te brûken. In wurdfierder hat it oer in foarm fan terreur, dy't se feroardiele.
Earder dit jier wie de AFA wol ferantwurdelik foar demonstraasjes tsjin de PVV yn Fryslân. Sa waard by de skoalle dêr't Hiemstra lesjout, it Marne College yn Boalsert, in lawaaidemo hâlden.