Trettjin bussen mei ynternet

06 sep 2011 - 11:42

Reizgers yn Fryslân kinne yn trettjin bussen fan Connexxion gebrûk meitsje fan fergees ynternet. It giet om in proef. Koartlyn is ûndersocht wat jongeren belangryk fine yn 'e bus. Ynternet wie in sterke winsk.

Der is keazen foar wifi oan board fan bussen dy't langere ôfstânnen ôflizze. Mar ek de stedstjinst lijn 12 nei NHL en Stenden hegeskoalle hat ynternet. Dit is dien omdat yn dizze bus in soad studinten mei smartphones en laptops sitte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)