Techum: Hûs yn oanbou ynstoart

06 sep 2011 - 11:17

In twa-ûnder-ien-kap wenning yn oanbou fan boubedriuw Heijmans yn de Ljouwerter nijbouwyk Techum is tiisdeitemoarn folslein ûnferwachte ynstoart. Hoe't dat krekt kin is noch net dúdlik. Nei alle gedachten hat de hurde wyn in rol spile by it ûngelok. Op it plak fan it ûngelok is in grutte ravaazje ûntstien.

Der binne by it ûngelok gjin minsken ferwûne rekke. De minsken dy't oan it wurk wiene, hiene it bouplak koart foar it ûngelok ferlitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)