Manlju mei fjoerwapen oppakt

Yn Ljouwert binne moandei trije manlju oanhâlden omdat se in fjoerwapen by har hiene. In tsjûge hie de plysje tipt, doe't er de trije sjoen hie yn de Willem Lodewijkstrjitte. Hy hie sjoen dat se wat by har hienen dat op in fjoerwapen like.
De plysje trof it stel yn de Franklinstrjitte. Se waarden fûiljeard en doe fûn de plysje it wapen. De manlju binne meinaam nei it buro en dêr fêstset. It fjoerwapen is yn beslach naam.