Man oanhâlden mei GHB

06 sep 2011 - 10:42

Op It Hearrenfean is moandei in man út dat plak oanhâlden omdat er de drug GHB by him hie. In plysje hie de man stean sjoen op in parkearplak op It Bassin yn in donker hoekje. Hy fertroude it net en hâlde de man oan.

Yn de plestik tas dy't de man by him hie, sieten twa flessen. De fertochte joech ta dat it om GHB gie. Hy is meinaam nei it buro. De drugs binne yn beslachnaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)