Gjin iisbaan by Aldehou

Der komt dit jier gjin Winterfestival yn Ljouwert. De ôfrûne trije jier lei ûnder de Aldehou ien fan de grutste iisbanen fan Nederlân. It evenemint kin net trochgean om't de ûndernimmers yn de binnenstêd en it Ljouwerter Undernimmersfûns LOF net mear itselde bydrage wolle as yn 2010. Dat gat yn de begrutting kin net opheind wurde.
De gemeente Ljouwert hat wol tasein itselde bedrach jaan te wollen. In soad bern en skoalklassen makken de ôfrûne jierren gebrûk fan de iisbaan.