Net iens mei krityk wethâlder

05 sep 2011 - 22:14

Fraksjefoarsitter Jennifer Steevensz fan Frisse Wind Harlingen kin har net fine yn de krityk op de koälysje yn de havenstêd. Wethâlder Jan de Boer stapte op om't er skjin syn nocht hat fan de bestjoerskultuer yn de gemeente en de sfear yn de koälysje. Der soe ûnderling gjin fertrouwen wêze en der soene gjin besluten naam wurde. De gemeente stiet stil, sa is De Boer fan betinken.

Steevensz fan Frisse Wind is it dêr net mei iens.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)