Grien ljocht Lege Geaën SWF

De Lege Geaën wolle wol oer nei SWF
De doarpen yn de Lege Geaën hawwe moandeitejûn grien ljocht jûn foar gearfoeging by de gemeente Súdwest-Fryslân. Boargemaster Hayo Apotheker kaam nei it doarpshûs fan Gau om sawat tritich ynwenners fan Dearsum, Poppenwier, Tersoal en Sibrandabuorren en Raerd by te praten oer de plannen.
Betingst foar Súdwest-Fryslân om de doarpen fan Boarnsterhim oer te nimmen wie dat iepensteande rekkens betelle wurde moasten. Dêrfoar komt no jild út Den Haach.