Jild Friezereüny noch net rûn

Fryslân Ferbynt hopet ein oktober dúdlikheid te hawwen oer it al of net trochgean fan de Friezereüny yn 2012. Dat seit bestjoerslid Paul van Gessel fan Fryslân Ferbynt.
Fryslân Ferbynt hat yn 2010 1,9 miljoen euro subsydzje tasein krigen fan de provinsje en SNN op betingst dat it bedriuwslibben 25 % betellet. Dy 25 % is der noch net en sadwaande hie Fryslân Ferbynt earder dit jier gjin jild om mei te gean op de Friezereis nei Brazilië.