Brân Harns ûnder kontrôle

05 sep 2011 - 13:49

De brânwacht hat om 13.00 oere it sein 'brand meester' jûn by de brân yn de spekjesfabryk Astra Faam yn Harns. De loadsen foar de produksje binne folslein ferlern gien. Allinnich wat kantoaren en de ekspedysjeromte binne noch oer. De brân is ûntstien yn in spiraaldroeger.

De direksje hat meiwurkers witte litten dat it fabryk wer opboud wurde sil en dat se dus wurk hâlde. It bedriuw is goed fersekere en wol sa gau mooglik mei de opbou begjinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)