Krityk op Brazilië-reis
Der is krityk op de útwiksel Fryslân-Brazilië fan de ôfrûne simmer. De reis nei Brazilië wie in inisjatyf fan Fryslân Ferbynt, mar Fryslân Ferbynt gie sels net mei fanwege jildkrapte.
It doel fan de reis, mei in besite oan Fryske emigranten, wie de tarieding op de Friezenreüny fan 2012 en saaklike kontakten. Undernimmer Durk de Boer fan Warkum gie wol nei Brazilië en is teloarsteld oer de gong fan saken. Neffens him hie Fryslân Ferbynt de saak finansjeel net goed foarinoar.