Skoalle Mullum ticht om reek

05 sep 2011 - 12:58

De basisskoalle fan Mullum is moandeitemiddei ticht yn ferbân mei de brân yn Harns. Mullum leit presys yn de reek fan de brân en de lieding fan de skoalle wol de bern net ûnnoadich yn de reek rinne litte.

De wyn is wat draaid, sadat it doarp Winaam no minder lêst hat fan de reek. De brân is ûndertusken nochris opskaald, no nei it saneamde GRIP3. Dat betsjut dat de brân sa grut is dat der meardere gemeenten by it rampeplan belutsen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)