Wethâlder Harns stapt op

05 sep 2011 - 12:53

Wethâlder Jan de Boer fan Harns stapt op. Hy wol net langer wurkje yn in koalysje dy't inoar net fertroud, al wantroud en gjin beslút nimme kin. Dat skriuwt De Boer yn in brief oan de gemeenteried.

De drippel foar de wethâlder wie de diskusje yn maaie oer de ôffaloven yn Harns. Guon riedsleden spilen doe op de man en hannelen respektleas. Dy wize fan polityk fieren past net by him, sa skriuwt De Boer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)