Hûnen opsluten yn hite auto's

05 sep 2011 - 11:56

De plysje hat yn it wykein tsientallen hûnen rêden út fierstente hite auto's of karren. It gie om hûnen fan dielnimmers oan de hûneshow yn it WTC Expo. Frijwilligers fan de biste-ambulânses hawwe nei de earste melding op sneon op it terrein oanwêzich west.

Sy ûntdutsen de hûnen en hawwe de plysje der by helle. Dy hat ferskillende auto's en karren iepenbrutsen. Foar fjouwer hûnen fan in man út Eastenryk kaam de help te let, dy binne dea gien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)